Blog: Silen foar it earst op Spesjal Olympics

09 maaie 2014 - 17:20

Der kin dit jier foar it earst syld wurde op de Special Olympics. Dat koe noch net earder. In pear wiken lyn binne de trainings foar de Fryske G-silers starten. Under lieding fan Maria Poiesz traine de G-sporters alle tongersdeitejûnen op de Snitsermar. Ek juster, doe't er in flinke wyn oer de mar stie.
De silers sitten mei syn twaen yn de sylboat, mei in begelieder. Maria Poiesz organisearret de trainings. 'Der moatte fansels fanwege de feilichheid wat ekstra minsken by wêze. En waar of gjin waar, we traine altiten.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)