'39 plannen foar wynmûnen'

Der binne 39 alternative plannen foar it pleatsen en ferfangen fan wynmûnen. De plannen komme fan ynisjatyfnimmers fan nije wynmûneparken: fan boeren oant enerzjybedriuwen. It platfoarm Fryslân foar de Wyn hat alle plannen sammele en presentearre de ideeën freed.
De measte plannen lizze yn 'e wynrike gebieten fan Fryslân, lykas by de Ofslútdyk en tusken Harns en Frjentsjer. It is no oan de ynwenners fan Fryslân om te bepalen oft en hokker fan de plannen útfierd wurde moatte.
De kommende tiid sille de planmakkers besykje de omwenners te oertsjûgjen. Yn juni sil dan troch in kommisje fan advys ûnder lieding fan Pieter Winsemius sjoen wurde nei de helberens fan de plannen. Fryslân foar de Wyn hopet sa sels de rezjy te hâlden by de kar foar lokaasjes foar wynmûnen. Fryslân foar de Wyn is in inisjatyf fan de Friese Milieu Federatie, it Platform Duurzaam Fryslân en it Comité Hou Fryslân Mooi.
Fryslân moat yn 2020 530 megawatt wynenerzjy produsearje. As de partijen yn de provinsje der net útkomme, beslist it Ryk wêr't de mûnen komme te stean. De Iselmar is al oanwezen as mooglike lokaasje.