Minder wurk autoskeabedriuwen

09 maaie 2014 - 16:52

De Fryske autoskeabedriuwen dogge it better as kollega's yn Nederlân, mar ek hjir sille de kommende tiid bedriuwen fallyt gean. It oantal auto-ûngelokken rint hurd werom. Dit komt bygelyks troch de oanlis fan rotondes. Hjirtroch giet de snelheid nei ûnderen.

Fierder wurde de auto's hieltyd feiliger troch technyske oanpassings en wurdt der troch de krisis folle minder riden. It gefolch is folle minder skea en dêrom wurdt der minder fertsjinne.

Oeral yn it lân geane bedriuwen fallyt, mar oant no ta fange de Fryske bedriuwen de klap better op. De bedriuwen binne hjir oer't generaal wat lytser en kinne dêrom fleksibel op de merk ynspylje troch oar wurk oan te pakken.

Trefwurden: 
autoskeabedriuw autoskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)