Boeren tsjin 'lokaaltsje'

Boeren yn de omkriten fan Dokkum binne net te sprekken oer de plannen foar it Dokkumer Lokaaltsje. Dat seit boer Siem Meindertsma fan LTO-Dongeradiel. Undernimmers hawwe it plan om it âlde spoar by Dokkum nei tsientallen jierren werom te heljen, om sa mear toeristen nei Noard-Fryslân te lûken. Boeren ferwachtsje dat it plan grutte problemen opsmyt, omdat it spoar dan dwers troch harren greide komt.
Ferskate kearen is der krityk jûn op it plan, mar de boeren sizze dat hjir net op reagearre wurdt.
De boeren binne benaud dat se aanst as dwerslizzers sjoen wurde, wylst se harren beswieren nei eigen sizzen wol op 'e tiid kenber makke hawwe.