Hieren net oeral like heech

09 maaie 2014 - 16:01
  • In soad minsken makken beswier tsjin de hierferheging.

Fryske wenningkorporaasjes geane ferskillend om mei de troch it Ryk opleine heffing foar ferhierders. Om dizze belêsting op te fangen wurde yn de measte gefallen de hieren ferhege, mar de ferskillen binne grut.

By wenningkorporaasje Accollade fan It Hearrenfean binne de hieren mei 4 persint omheech gien. By Wonen Súdwest-Fryslân is rekken hâlden mei it ynflaasjesifer. Dêr binne de hieren mei 1,2 persint ferhege.

It ferskil yn de ferhegings hawwe neffens de Woonbond te krijen mei it hierbelied en de fisy dy't in korporaasje hat. In gemiddelde sosjale hierwenning kostet yn Fryslân 440 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)