Fleanen boppe Waad beheind

It fleanen mei militêre helikopters boppe de Waadsee en oare natoergebieten wurdt oan bannen lein. De loftmacht moat dit jier, krekt as oare ynstânsjes, foar it earst in fergunning oanfreegje om mei helikopters boppe it Waad te fleanen. De Waadferiening hat dêr tsientallen jierren foar striden, yn en bûten de rjochtbank.
Oant no ta koe de loftmacht sels bepale wat se dienen boppe it Waad. Sels leech fleane oer briedgebieten yn de briedtiid kaam foar, as der oefene waard.
It fleanen boppe de Waadsee en boppe oare natoergebieten wurdt troch de fergunning net ferbean, mar wol beheind. It jildt no noch foar helikopters, mar de Waadferiening wol dat de loftmacht ek foar F16's in fergunning oanfreegje moat.