Gjin wurksumheden A32 Wurdum

09 maaie 2014 - 15:31
  • Wurk oan de dyk

De wurksumheden oan de A32 by Wurdum, dy't foar dit wykein pland stiene, gean net troch. Fan freedtejûn 7 oere oant moandeitemoarn 6 oere soenen alle diken in nije asfaltlaach krije. Mar omdat foar de kommende dagen in protte reinwetter foarsein wurdt, kin dit wurk net útfierd wurde.

De wurksumheden oan de Hindrik Algrawei by Ljouwert -en dêrmei de ôfsluting fan de dyk- gean dit wykein wol gewoan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)