Frysk paspoart foar Obama

Obama hat in Frysk paspoart tastjoerd krige © Friesland Holland
De Amearikaanske presidint Barack Obama hat in fakânsjepaspoart krigen fan it buro foar toerisme Friesland Holland. Obama krijt it dokumint, omdat de Steaten fan Fryslân yn de 18e ieuw as earste yn Nederlân de ûnôfhinklike Amearikaanske steaten erkenden.
Ek TV-presintator Matthijs van Nieuwkerk krijt sa'n paspoart, omdat hy by ien graad froast yn De Wereld Draait Door foar Alvestêdekoarts soarge.