Kramer makket sels guozzeplan

Deputearre Johannes Kramer sil mei syn amtners sels in plan betinke foar de oanpak fan guozzen yn de winterperioade. Provinsjale Steaten moat dêr dan in beslút oer nimme. Kramer seit dat nei oanlieding fan it mislearjen fan it guozze-akkoart. Hy fynt it spitich dat natuerorganisaasjes, boeren en jagers der net yn slagge binne om ta in Frysk akkoart te kommen. De belutsen partijen kinne it net iens wurde oer de lingte fan de winterperioade wêryn guozzen net oanpakt wurde.