Wurk oan N381 útein setten

Yn de streamende rein is freedtemiddei om 12 oere it wurk oan de N381 offisjeel útein set. Nei jierren fan tariedings en protesten kin it wurk oan de dyk tusken Drachten en de Drintske grins no los. Deputearre Sietske Poepjes iepene in spesjale 'ovonde' foar it wurkferkear. De N381 fan Drachten oant Donkerbroek wurdt dûbelbaans (2 kear 2 rydstroken).
Fan Donkerbroek oant de grins fan Drinte wurdt inkelbaans. Mooglik dat yn de takomst it stik tusken Donkerbroek en Easterwâlde ek noch ferdûbele wurdt. De grûn dêrfoar is al oankocht.
Ein 2015 sil it earste part oplevere wurde. It doarp Wynjewâld is neffens Jan Bakker hjoeddei wol wiis mei it projekt. It doarp wurdt sa ferkearsfeiliger. Boppedat kin it buorskip Klein Groningen no better mei it doarp ferbûn wurde. Foarhinne koe dit net fanwege de drokke autodyk. De nije autodyk wurdt westlik fan Klein Groningen oanlein.