Grutte himpkwekerij Nijehaske

09 maaie 2014 - 11:01

Yn in bedriuwsgebou oan de Euroleane yn Nijehaske het de plysje tongersdei in himpkwekerij mei 2000 planten ûntmantele. De planten hiene in strjitwearde fan 200.000 euro en wiene yn acht tinten ûnderbrocht. Der binne twa ynwenners fan Vlijmen oanhâlden. De mannen fan 26 en 40 jier hiene de planten fersoarge en wiene ûnderweis nei hûs. Se binne op de A6 oan de kant setten.

De 38-jierrige hierder fan it gebou, in man út Nijehaske, is yn Meppel oanhâlden. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in anonime tip.

De kwekerij is ferneatige. De auto fan de mannen út Vlijmen is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)