Fjochtpartij om himpkwekerij

09 maaie 2014 - 10:39

In 27-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht yn it sikehûs bedarre nei in fjochtpartij. Hy soe yn syn wenning oan de Archipelwei troch twa mannen mishannele wêze. De mannen hiere de wenning fan de Ljouwerter, mar se wiene tsjin de ôfspraken yn in himpkwekerij yn it hûs begûn. De trije manlju krigen hjir rûzje oer. De Ljouwerter krige klappen yn syn gesicht. Hy hat oanjefte dien by de plysje. Yn it ûndersyk hat de plysje yndie in kwekerij yn de wenning fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)