Ferset gemeenten tsjin pardon

© ANP
De wjerstân tsjin de útfiering fan it bernepardon groeit. Njoggen boargemasters fan Fryske gemeenten hawwe beswier oantekene tsjin de wize wêrop it pardon no útfierd wurdt. De boargemasters fan It Hearrenfean en Smellingerlân tekenen earder al beswier oan. Dêr binne Achtkarspelen, Dongeradiel, Littenseradiel, Skylge, Flylân, It Bilt en Kollumerlân no by kaam. Bern moatte foar it pardon fiif jier ûnder tafersjoch fan it ryk falle. It is net genôch wannear't se dy perioade ûnder tafersjoch fan de gemeente stienen.
De VVD-fraksje yn Súdwest-Fryslân wol dat boargemaster Hayo Apotheker de petysje tsjin de útfiering fan it bernepardon ek ûndertekenet.