Ljouwert: Besjoch bernepardon

De gemeente Ljouwert sil der by minister Leers op oantrune it belied foar minderjierrige asylsikers op 'e nij te besjen. Se dogge de oprop neidat Twadde Keamerleden Spekman en Voordewind in wetsfoarstel yntsjinne hawwe dat mooglik meitsje moat minderjierrige asylsikers ûnder de 18 asyl te jaan.
Riedslid Gerben Hoogterp fan PAL-GrienLinks sette it ûnderwerp fan in 'bernepardon' yn de Ljouwerter riedsgearkomste op de aginda. In mearderheid fan de ried stimde foar de oprop oan minister Leers. Hoogterp is dêr tige mei ynnaam.
Opfallend is dat de Nieuwe Leeuwarder Partij him fan stemming ûnthâlde. It is neffens dy partij net oan de gemeentlike polityk om him mei it bernepardon te bemuoien. Ljouwert is de earste Fryske gemeente dy't de oprop docht. Yn hiel Nederlân stypje mear as fyftich gemeenten it foarstel.