Gjin Frysk guozze-akkoart

Pauguozzen
Nei ferskate petearen binne de belutsen partijen der net yn slagge ta in Frysk guozze-akkoart te kommen. De partijen binne it der oer iens dat de skea troch guozzen oanpakt wurde moat, mar koene it net mei-inoar iens wurde oer it úteinlike guozzebelied. Brekpunt wie de lingte fan de rêstperioade foar de fûgels yn de winter.
No't der gjin akkoart is, sil de provinsje sels in foarstel oan de Provinsjale Steaten dwaan. Deputearre Johannes Kramer lit witte dit spitich te finen. 'Fansels hie ik leaver in ‘droegen’ foarstel, mar it kin net oars.'
By it oerlis oer it guozze-akkoart sieten ûnder oare It Fryske Gea, Steatsboskbehear, LTO Fryslân, Koninklijke Nederlandse Jagersvereniging en de Nederlandse Melkveehouders Vakbond mei de provinsje Fryslân om tafel. Deputearre Kramer beriedt him no op de ynhâld fan dit foarstel.