Wer dialyzesintrum op Skylge

De Brandaris op Skylge © ANP
It fakânsjedialyzesintrum op Skyle is fan 24 maaie ôf wer iepen. Nierpasjinten dy't it eilân in besite bringe, kinne yn it sintrum terjochte foar hemodialyze. De Waadeilannen binne in populêre fakânsjebestimming.
Om sa'n fakânsje ek mooglik te meitsjen foar nierpasjinten hat it Dialyse Centrum Groningen al in oantal jierren in spesjaal fakânsjesintrum op it eilân.