Postma op 5e plak by EK silen

08 maaie 2014 - 21:14

Finnsiler Pieter-Jan Postma stiet mei noch twa dagen te gean op it fyfde plak by it Europeesk kampioenskip yn it Frânske La Rochelle. Postma hie tongersdei in wikselfallige dei. De siler fan Terkaple waard by de earste race teloarstellend 24e, mar werstelde him knap. Mei in njoggende en in twadde plak klom er wer yn it klassemint en stiet no op it fyfde plak.

De Brit Giles Scott giet rom oan de lieding, folge troch de Sloveen Vasilij Zbogar en de Frânsman Jonathan Lobert. Sneon is de finaledei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)