Boargerforum oer straf hackers

08 maaie 2014 - 21:00
  • Rjochter mei hammer

Wat foar straffen moatte ynternetkriminelen krije? Dat is de fraach dy't it Iepenbier Ministearje op 3 juny stelt oan ynwenners út Noard-Nederlân by it boargerforum. Op dizze jûn wurde dielnimmers frege nei har miening oer de straffen dy't hackers krije moatte foar it stellen fan bygelyks persoanlike gegevens of jild fia ynternetbankieren.

Dizze mieningen wurde troch it Iepenbier Ministearje brûkt om te bepalen oft de strafrjochtlinen oanpast wurde moatte. Op dit stuit binne der noch gjin rjochtlinen fêststeld foar ynternetkriminaliteit.

It boargerforum fynt plak op it parket yn Grins. Dielnimmers kinne har oanmelde troch in mail te stjoeren nei voorlichting.regionoord@om.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)