Twaspjalt yn ried Dongeradiel

08 maaie 2014 - 19:13
  • Gemeente Dongeradiel

De opposysjepartijen yn de gemeente Dongeradiel hawwe tongersdei harren fetrouwen opsein yn de nije koälysje. Algemeen Belang Dongeradeel, Dongeradeel Sociaal, de PvdA en de VVD hawwe gjin fertrouwen mear yn de koälysjepartijen CDA, FNP en ChristenUnie. Oanlieding is in amendimint fan it CDA dat twa wike lyn net oankundige yn in riedsfergadering yntsjinne waard. Dêrmei woe it CDA rap in beslút nimme oer it fergees parkearen. De opposysjepartijen binne min te sprekken oer de aksje en sprekke fan 'machtspolityk'.

It CDA luts it amendemint úteinlik wer yn, ûnder druk fan de opposysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)