Medaljes foar Afganistan-misje

08 maaie 2014 - 17:05

Generaal Tom Middendorp hat tongersdeitemiddei 150 medaljes útrikt oan Nederlânske militêren, dy't tusken septimber 2013 oant jannewaris 2014 ûnderdiel wiene fan de ISAF-troepen yn Afganistan. It giet om de Nederlandse Herinneringsmedaille Vredesoperaties.

De medaljes waarden opspjelde op de Ljouwerter fleanbasis. Hjirmei kaam offisjeel in ein oan de misje fan de militêren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)