Skieppehoeder goed foar natoer

Skiep mei in hoeder dogge it better yn de natoer as skiep sûnder in hoeder. Dat is dúdlik wurden nei wittenskiplik ûndersyk yn acht Fryske heidegebieten. De hoeder kin stjoere hoe yntinsyf yn in gebiet weide wurdt. As it om natoer mei tige kwetsbere planten giet, moatte de skiep dêr bygelyks net te lang bliuwe.
Professor Michiel Wallis de Vries fan de Vlinderstichting makke tongersdei de resultaten fan it ûndersyk bekend op in sympoasium fan Lânskipsbehear Fryslân yn it Ketliker Skar.
Skieppehoeder Diederik Sleurink fan Wylde Weide Landschapsbeheer is wiis mei de útkomsten fan it ûndersyk. Hy wit no mear oer hoe't hy syn skiep oanstjoere moat en boppedat is no hiel dúdlik makke hoe goed skiep mei in hoeder binne foar de natoer.