Kening te sprekken oer slûs

08 maaie 2014 - 16:04

Kening Willem-Alexander is ûnder de yndruk fan de nije Johan Frisoslûs yn Starum. Hy fynt it mei rjocht de 'Poarte fan Fryslân'. De Kening hat dat tongersdei sein by de offisjele iepening. De slûs is boud troch boubedriuw Ballast Nedam en makket diel út fan it Fryske Marreprojekt.

De kosten fan de slûs binne hast 20 miljoen euro. Troch de nije slûs kin it wetterferkear tenei folle makliker en flotter fan de Iselmar ôf Fryslân ynfarre en oarsom. Yn it ferline wiene der faak lange wachtlisten en gefaarlike situaasjes op it wetter.

Trefwurden: 
Starum slûs kening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)