Krisisles foar ûndernimmers

Ald-minister fan finânsjes Onno Ruding wie moandeitemiddei yn Ljouwert om lokale ûndernimmers in les Europeeske kredytkrisis te jaan. De politikus en bankier wie útnoege troch de kommersjele klup en it CDA om te praten oer de oarsaken en de gefolgen fan de eurokrisis.
Ruding fynt dat der stranger tafersjoch hâlden wurde moat. Hy hat geregeld kontakt mei Grykske politisy oer de sitewaasje yn harren lân.