Skilder falt fan steiger

De traumahelikopter op de Grienewei © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
By in gebou oan de Bredepleats yn Ljouwert, flakby de Prinsetún, is tongersdeitemiddei in skilder fan in steiger fallen. De man wie dwaande in sinnewearing te pleatsen. It liket om in slim ûngelok te gean. Dêrom waard ek de traumahelikopter oproppen. Omstanners en meiwurkers fan de ambulânse hawwe de earste help ferliend.
De man is mei slimme ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it UMCG yn Grins.