Kening iepenet slûs Starum

08 maaie 2014 - 13:04

Hege besite yn Starum tongersdei. Kening Willem-Alexander iepenet dêr de nije Johan Frisoslûs, dy't in ein meitsje moat oan de lange wachttiden simmerdeis. Om de iepening hinne is in hiel feestprogramma gearstald.

De ûndernimmers fan Starum binne sa wiis mei de slûs, dat se dit fiere mei gebak. Foar de iepening wurdt op it wetter in spesjaal teaterstik fan in oere opfierd. Ek it publyk kin it stik besjen fan de Stedsfenne ôf. De twadde Johan Frisoslûs hat in bysûnder karakter; grien, iepen, miljeufreonlik en enerzjyneutraal.

Troch de nije slûs hearre lange wachttiden en ûnfeilige situaasjes no ta it ferline. Yn de slûs is ek in besikerssintrum ynrjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)