Prizen foar Makkumer jacht

08 maaie 2014 - 12:53
  • De Madame Gu by it eilân Malta

Jachtwerf De Vries fan Makkum hat mei it grutste jacht dat ea yn Nederlân boud is twa prestizjeuze prizen binnenhelle. It giet om de World Superyachts Awards 2014. It 99 meter lange jacht Madame Gu waard yn de eigen klasse earste, mar krige boppedat de overall priis. Der is hast 4,5 jier oan it skip wurke.

Direkteur Sybrand de Vries fan de jachtwerf is tige bliid mei de priis. It befestiget neffens him de status fan it jachtbedriuw. De opdrachtjouwer hat foar De Vries keazen fanwege al it fakwurk dat nedich wie om it jacht te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)