Gea wol stikels sitte litte

08 maaie 2014 - 11:59

De ferplichte stikelbestriding sit de natoer yn it paad yn it bûtendykse lân fan it Fryske Gea. Neffens in feroardering út 1951 moat it Gea de stikels fuortmeane of mei gif behannelje om foar te kommen dat it sied by in oar yn it lân bedarret. Greidefûgelnêsten meitsje dat op in soad plakken ûnmooglik.

Trochdat guozzen it lân keal frette, binne stikels de iennichste beskerming foar de piken. Betiden sitte der hiele koloanjes fûgels te brieden. As je dêr troch hinne meane, oertrede je de wet. It Gea wol de stikels dêrom sitte litte.

Yn it nije behearsplan dat no makke wurdt, wol distriktshaad Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea ôf fan de ferplichte stikelbestriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)