Snitser pakt om brânstichting
In 20-jierrige Snitser is woansdeitenacht oanhâlden, neidat hy yn de Jutrypstrjitte in kontener yn brân stutsen hie. Bewenners koene it fjoer sels de baas.
In tsjûge wiisde de 20-jierrige Snitser oan as brânstichter. De man is foar ûndersyk meinommen nei it plysjeburo.