Poalske brânstofdief oppakt

(stockfoto) © ANP XTRA
De plysje hat woansdeitenacht by Oerterp in Poal (37) oanhâlden omdat hy fertocht wurdt fan stellerij fan brânstof. Der binne tolve jerrycans yn beslach naam. De man helle de brânstof út in frachtwein dy't lâns de Leidyk by Donkerbroek stie. De eigener trapearre de Poal, dy't mei de auto útnaaide.
De frachtweinsjauffeur gie achter de dief oan en alarmearre de plysje. Dy sette de dief op de Boerestreek by Oerterp oan de kant. Yn de boskjes by de frachtwein waarden de jerrycans en ek ynbrekkersark fûn. Alles is yn beslach nommen.