SW-Fryslân wol sylsintrum

De gemeente Súdwest-Fryslân ûndersiket de mooglikheden om in regionaal talintesintrum foar silers op te setten. Dat stiet yn it koälysje-akkoart dat woansdeitejûn goedkard is yn de gemeenteried. De gemeente Súdwest-Fryslân folget hjirmei it foarbyld fan Hearrenfean. Dêr is ûnder oaren in talintesintrum foar turnjen.
De gemeente Súdwest-Fryslân sil no mei de ferienings om tafel om te sjen wêr't krekt ferlet fan is.