Yoga-les tsjin eksamenstress

07 maaie 2014 - 21:53

Learlingen fan it Singelland yn Drachten kinne dit jier foar it earst gebrûk meitsje fan in wol hiel bysûndere training foar harren eineksamens. Om de rêst te finen krije se in yoga-les oanbean. De les is ûntwikkele troch yoga-lerares Alberta van der Heide út Beetstersweach. Sy hat in spesjale les betocht dy't helpt by eksamenstress.

Dit jier is foar har in proef, mar as de les oanslacht wol se it yn de hiele provinsje oanbiede. Foar sa fier bekend is Van der Heide de earste yn hiel Nederlân dy't dit docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)