Stikkene oven by Bocuse d'Or

De Fryske koks Jan Smink en Lars Aukema by de striid om de Bocuse d'Or yn Stockholm hiene woansdei in flinke tsjinslach. De oven gong stikken. Woansdei wie de earste dei fan de striid om de Europeeske titel. De stikkene oven joech krekt op de ein problemen, doe't it fleisgerjocht optsjinne wurde moast.
De koks hawwe dêrom ekstra tiid krigen fan de sjuery om de gerjochten útserveare te kinnen. Smink en Aukema wienen nettsjinsteande de problemen toch tefreden oer it resultaat. De útslach wurdt tongersdei oan 'e ein fan de middei bekend makke.