Doede de Jong yn heger berop

Doede de Jong oan it wurk © Omrop Fryslân
De biologyske weedkweker Doede de Jong fan Appelskea giet yn heger berop tsjin de straf dy't er twa wike lyn krige. Hy waard feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren en in selstraf fan twa moanne ûnder betingst. Dêrneist moat er in boete fan 233.000 euro betelje. Neffens de advokaat fan De Jong is it bedrach basearre op in opbringst dy't fierstente heech ynskat is. Boppedat fynt de advokaat dat der gjin rekken hâlden is mei it feit dat syn kliïnt in prinsipiële striid fiert tsjin yn syn eagen healslachtige drugsbelied fan de oerheid.
In datum foar it heger berop is noch net fêststeld.