Debat Europeeske ferkiezings

07 maaie 2014 - 14:10

Op 22 maaie binne de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Om minsken dêr op ta te rieden is tongersdeitejûn in polityk debat dêr't minsken diskusearje kinne oer Europeeske tema's, lykas oer de takomst fan it plattelân. Neffens organisator Klaas Jan Osinga tinke minsken dat Europa fier fan har ôf stiet, mar Oekraïne leit mar in pear hûndert kilometer fan Nederlân ôf. Dat is hiel tichtby en meitinke oer Europa is dan ek belangryk, seit Osinga.

It debat is yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean en begjint om 19.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)