Besunigings meldkeamers plysje

20 feb 2012 - 17:32
  • Plysjemotor

De lanlike reorganisaasje fan 112-posten moat net ta gefolch hawwe dat de noardlike meldkeamer yn Drachten opnij besunigje moat. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Crone is ek de korpsbehearder yn Fryslân.

Lanlik sil it tal meldkeamers fan 25 nei 10 gean. Dêrmei wurdt net allinnich jild besparre, sa'n 50 miljoen euro, mar de reorganisaasje moat ek de kwaliteit te'n goede komme. It plan is ynstutsen troch de Feilichheidsried en it Korpsbeheardersberied. De noardlike meldkeamer yn Drachten bliuwt gewoan sa't dy is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)