Ferbouwing gemeentehûs Warkum

It eardere stedhûs yn Warkum © Wikipedia, Jan Lafeber
It gemeenteloket fan Warkum wurdt tydlik sletten fanwegen in ferbouwing oan it gemeentehûs. Woansdei 28 maaie is de lêste dei dat minsken by it gemeenteloket terjochte kinne. Dêrnei is it oant healwei 2015 ta sletten. It eardere gemeentehûs oan de Merk wurdt yn dy perioade ferboud as ûnderdiel fan Het Masterplan Workum. Mei dat projekt moat Fryslân better op de kaart komme as wettersportgebiet. Dokuminten dy't om 28 maaie hinne besteld wurde, kinne fan 2 juny ôf ophelle wurde by it gemeenteloket yn Boalsert.
De trouseal yn it gemeentehûs kin yn de perioade fan de ferbouwing ek net brûkt wurde.