Cruisegongers keapje net folle

07 maaie 2014 - 12:58

Undernimmers yn Harns hawwe tiisdeitejûn net in soad jild fertsjinne oan de Amerikaanske toeristen fan it cruiseskip dat oanlei. Hast alle winkels wienen iepen en hopen massaal op toeristen dy't flink jild útjaan soenen. Neffens foarsitter Lucie van der Meer fan de ûndernimmersferiening fan Harns wie it programma te fol.

It cruiseskip lei mar in heale dei yn Harns en de minsken hienen ferskate aktiviteiten, lykas in besite oan it Planetarium yn Frjentsjer, in stedskuier troch Harns en boatsje farre.

Harns sjocht mei in goed gefoel werom op it alderearste cruiseskip dat de stêd oandie. Van der Meer hopet dat de toeristen op it folgjende cruiseskip yn augustus mear tiid hawwe om te winkeljen.

Trefwurden: 
Harns cruiseskip ûndernimmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)