Wapen yn winkel gjin goed idee

07 maaie 2014 - 12:31
  • Man mei wapen

De plysje fynt it tastean fan wapens foar winkellju gjin goed idee. It brûken fan geweld troch winkellju kin wer nij geweld oproppe. Ut ûndersyk fan EenVandaag docht bliken dat 60 persint fan de winkellju graach in wapen yn har saak ha wol. Ien op de fiif ûndernimmers jout oan al in wapen yn de winkel te hawwen.

Foarsitter Westdijk fan de Fryske ôfdieling fan MKB Nederlân begrypt dy winsk, mar tinkt dat de oplossing tsjin oerfallen en stellerij mear leit yn mear tafersjoch en gearwurking mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)