Erwin Zeinstra by CL-finale

07 maaie 2014 - 10:43
  • Erwin Zeinstra op syn kantoar

De Fryske assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp flagget de finale fan de Champions League. Hy is assistint by skiedsrjochter Björn Kuipers út Oldenzaal dy't troch it Europeeske fuotbalbûn UEFA oanwiisd is om de finale op 24 maaie tusken Real Madrid en Atletico Madrid yn Lissabon te lieden. De Champions League is it belangrykste Europeeske bekertoernoai yn it fuotbal.

Zeinstra hat foarich jier ek by de finale fan de Confederations Cup yn Brazilië west. Hy assisteart Kuipers ek op it WK yn Brazilië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)