Kafee fernield troch ynbrekker

© ANP XTRA
Yn Harns hat de plysje tiisdeitenacht in man oanhâlden nei't er besocht hie yn te brekken yn in kafee oan de Lanen. Nei slutingstiid hearden bewenners wat leven by de doar en glês dat stikken gie. Se seagen in man fuortrinnen en joegen syn sinjalemint oan de plysje troch. Dy trof de 31-jierrige man fan De Like letter oan op it platdak fan in hûs fan in famyljelid. De plysje docht ûndersyk.