Kemkers net nei Noarwegen
Gerard Kemkers, de âld-coach fan ûnder oaren Sven Kramer en Ireen Wüst, wurdt net de nije bûnscoach fan de Noarske reedriders. Neffens de Noarske omrop NRK binne de petearen tusken it Noarske reedridersbûn en Kemkers op neat útrûn.
De 47-jierrige Kemkers en it bûn koenen it net iens wurde oer de trainers dêr't Kemkers mei wurkje soe. Hy woe graach Nederlânske trainers meinimme, mar de Noaren seagen leaver in rol foar harren eigen trainers.
Reedrydploech TVM bestiet nei 14 jier net mear, no't TVM de ploech net langer sponsoret. Kemkers moat dêrom no sykje nei in nije útdaging.