Farrûtes SWF nei provinsje

06 maaie 2014 - 20:44
  • De jachthaven fan Heech

Súdwest-Fryslân docht 118 kilometer oan farwetter oer oan de provinsje Fryslân en it Wetterskip. De oerdracht is in gefolch fan de nije farwet. Om alles goed oerdrage te kinnen, is de gemeente fan doel om earst noch in grut part fan de farrûtes út te baggerjen. It giet yn totaal om 68 kilometer.

Der wurdt ûnder oaren baggere yn de Wytmarsumerfeart, de omjouwing fan Snits, Drylts, Heech, Hylpen en Starum. De gemeente, de provinsje en it Wetterskip tekenje meikoarten in oerienkomst, de echte oerdracht is nei ferwachting pas oer trije jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)