'Plan nedich foar bosk Stiens'

Der moat nedich wat dien wurde oan it bosk yn Stiens. Dat seit Elly Plat fan berneterapypraktyk Gewoon Happy. Troch de stoarm ôfrûne hjerst binne in soad beammen omgong en it bosk is dêrtroch ien grutte ravaazje.
In grut probleem dêrfan is dat bern yn dat bosk hieltiten harren hutten kwytreitsje, trochdat de gemeente no alles oan it opromjen is. Elly Plat wol dêrom graach dat der in apart plak komt dêr't bern boartsje kinne. It bouwen fan hutten is belangryk foar de berneterapy.
Tiisdei hat Plat dêrom mei twa bern fan har praktyk en boargemaster Joop Boertjens it bosk yn west, om de problemen kenber te meitsjen. Dizze bern hawwe foar de besite hûnderten hantekeningen ophelle.