Unbekende stof yn Harns
De brânwacht yn Harns hat tiisdeimiddei in ûnbekende, brune stof opromme. In passant hie de stof ûntdutsen oan de Kelvinstrjitte en krige pine yn 'e holle. De brânwacht naam dêrom gjin risiko en hat de stof yn in grut fet dien.
It wurdt noch ûndersocht wat it west hat. Mjittings fan de brânwacht hawwe neat oplevere.