Bizar jubileum Jeugdorkest

20 feb 2012 - 16:59

It 35-jierrich jubileumkonsert fan it Frysk Jeugd Orkest is sneontejûn yn Ljouwert bizar einige. Mei-oprjochter en âld-dirigint Gerard van der Weerd soe syn favorite stik mei dirigearje. Hy wie krekt it poadium opstapt foar syn ôfskied, doe't er ynelkoar sakke. De âld-dirigint is noch nei it MCL brocht mar ferstoar dêr oan de gefolgen fan in hertoanfal. Van der Weerd is 81 jier wurden.

No tongersdeimiddei is yn de Ljouwerter Harmonie in ôfskied en muzikaal earbetoan foar de oprjochter fan it Frysk Jeugdorkest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)