Miljoenen foar digitaal argyf

06 maaie 2014 - 17:05

De provinsje Fryslân stekt fiif miljoen euro yn de digitalisearring fan bygelyks kaarten, it kadaster en argiven. De ynvestearring yn dit deltaplan digitalisearring moat 111 tydlike banen opsmite. Fryslân rint mei dizze brede oanpak foarop yn Nederlân. Dat hat deputearre Jannewietske de Vries tiisdei bekend makke. Mei it projekt krijt Fryslân digitaal in folle sterkere posysje, seit De Vries.

Tresoar is de lûker fan it projekt, dêr't ek Afûk, Cedin, Fryske Akademy, Omrop Fryslân, en de Fryske musea oan meidogge.

It deltaplan is ûnderdiel fan de ynvestearringsaginda 'Wurkje foar Fryslân'. Yn it deltaplan sitte yn alle gefallen de folgjende fiif programma's:
1. Fryslân op de kaart - de digitale ûntsluting fan it kadaster en âlde kaarten
2. Fryslân yn lûd en byld - de lûd- en byldargiven fan Frysk Filmargyf, Tresoar en Omrop Fryslân
3. Kolleksje tichterby - de kolleksjes fan de Fryske musea
4. Lân fan taal - de top 1.000 - en op termyn 2.000 fan de Fryske literatuer
5. Roots / Woartels - persoanlike dokuminten, lykas boargerlike stân en notariële dokuminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)