Trije fraachtekens Hearrenfean

It is fan trije spilers fan Hearrenfean noch net wis oft se woansdei yn de wedstriid tsjin AZ meidwaan kinne. It giet om Daley Sinkgraven, Hakim Ziyech en Pelé van Anholt. Se ha alle trije wol meitraind, mar it is net wis oft se meidwaan kinne. Mocht eltsenien fit wêze, dan kiest trainer Marco van Basten wer foar deselde opstelling.
Hearrenfean spilet woansdei it earste duel yn de play-offs yn Alkmaar tsjin AZ. Sneon is de return. De winner spilet nije wike tsjin de winner fan FC Grins tsjin Vitesse foar in plak yn de Europa League.
AZ-trainer Dick Advocaat hat folle mear problemen. Hy mist in soad spitsen. Jóhansson en Avdic binne blessearre, wylst ek de tredde spits Lewis útskeakele is. Fierder binne ek Poulsen en âld-Hearrenfeanspiler Beerens net fit en net beskikber.