Fytspaad Jobbegea jout ljocht

In part fan it fytspaad by de P.W. Janssenwei lâns yn Jobbegea hat sûnt tiisdei ljochtjaande strepen. De spesjale ferve op de linen nimt oerdeis ljocht op en strielt nachts ljocht út. Sa kinne fytsers makliker har paad fine. It is foar it earst yn Nederlân dat in fytspaad dizze belining hat. It is in proef fan de gemeente Hearrenfean. De strjitferljochting is fuorthelle omdat de P.W. Janssenwei yn it bûtengebiet leit. It doel is: gjin enerzjyferbrûk en gjin ljochtfersmoarging yn it lânskip.
De gemeente wol fan de fytsers en fan Pleatslik Belang Jobbegea graach hearre hoe't de nije ljochtjaande strepen op it fytspaad foldogge.