Goed jier foar melkfeehâlders

Dit jier bliuwt nei alle gedachten in goed jier foar melkfeehâlders. De kâns bestiet dat de molkpriis yn 2015 wol wat mear ûnder druk komt te stean. Dat seit Marijn Dekkers, sektormanager melkfeehâlderij by de Rabobank. De molkpriis stiet al in pear moanne ûnder druk nei de rekôrprizen fan begjin dit jier.
Moandei makke Friesland Campina bekend dat de garânsjepriis foar maaie nei ûnderen bysteld wurdt fan fan goed 41,25 nei 40,25 euro foar 100 kilo molke. Dat komt trochdat der mear molke produsearre wurdt as in jier lyn.