Teloarstelling opstappen Cohen

20 feb 2012 - 15:07

Yn Fryslân is teloarsteld reagearre op it opstappen fan PvdA-lieder Job Cohen. De foarsitter fan de Fryske PvdA, Martin Schellenberg, neamt syn fuortgean "wol begryplik". Neffens Schellenberg wie Cohen net de man dy't by steat wie in skerp debat yn de Twadde Keamer te fieren. It Snitser Keamerlid Jacques Monasch neamt it opstappen "treurich, en in skok".

Monasch hat as adviseur fan Cohen wurke, mar neffens eigen sizzen hawwe syn advizen net folle úthelle. Job Cohen stapt fuortdaliks op as lieder fan de PvdA en ferlit de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)